Rûnwei om Himmelum komt der

15 sep 2010 - 12:15
  • Starum moat better tagonklik wurde

Der komt in súdlike ûntsluting nei Starum troch in rûnwei om Himmelum en Warns-súd. Dat hat de ried fan Nijefurd besletten. Dizze fariant moat soargje foar in bettere trochstream fan it ferkear en mear feilichheid.

In jier lyn hat de ried al in foarkar útsprutsen foar de súdlike ûntsluting. De lêste tiid is der praat mei tal fan belutsenen yn it gebiet oer de spesifike ynfolling. Totale kosten sille 7 miljoen euro wêze. Takom jier moat úteinset wurde mei de oanlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)