Rûnwei om Balk earder klear

15 des 2014 - 11:36
  • Oanlis nije dyk by Balk

De nije ferbiningsdyk by Balk is earder klear as ferwachte. Tongersdei wurdt de dyk iepene, dat is goed in moanne earder as pland. Troch it waarme waar ferrûn it wurk rapper as ferwachte.

De nije ferbiningsdyk tusken de N359 en de Jachtlustwei moat der foar soargje dat der minder slûpferkear troch Balk en Wikel rydt. Dat moat de ferkearsdruk yn it sintrum fan Balk ôfnimme litte. De nije dyk hat goed 2,4 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)