Rûnwei Frjentsjer hast iepen

03 sep 2009 - 19:26

In part fan 'e súdlike rûnwei om Frjentsjer hinne giet no moandei iepen foar it ferkear. De rûnwei is noch net hielendal klear, omdat in bepaald stik grûn net beskikber is. De eigner fan dy grûn wol it net oan 'e gemeente ferkeapje. Frjentsjerteradiel besjocht op 't stuit hoe't dat probleem oplost wurde kin.

De ferwachting is dat de rûnwei ein 2011 hielendal klear is. De dyk wurdt takom moanne alfêst wol offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)