Rûnwei Frjentsjer drege put

12 jan 2009 - 17:11
  • Oanlis mooglik jierren fertrage

It kin noch wol twa jier duorje foar´t de súdlike rûnwei by Frjentsjer hielendal klear is. Dat komt om´t de gemeente in ferkearde, drege proseduere begûn is om oan de grûn te kommen dêr´t in rotonde komme moat.

De gemeente woe mei de proseduere in boer by Tsjom ûnteigenje. De Hege Ried seit dat de gemeente no gjin flotte proseduere mear opstarte mei. As der tuskentiids gjin skikking komt, leit it wurk oan de rûnwei noch jierren stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)