Rûnwei Dokkum net earder oanlein

11 jun 2004 - 00:00

De nije westlike rûnwei om Dokkum hinne wurdt net fersneld oanlein. Dat wie wol de bedoeling, mar de gemeente Dongeradiel kin de ynvestearring dy't dêrfoar nedich is, op it stuit net betelje. It giet om in totaalbedrach fan twa miljoen euro.

De dyk wurdt no net yn 2006, mar pas yn 2015 oanlein. It gemeentebestjoer fan Dongeradiel woe graach dat fersneld mei de oanlis útein set waard om de berikberens fan Dokkum te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)