Rûnwei de Gordyk yn 2 jier

22 mrt 2008 - 10:24

De gemeente Opsterlân hopet der binnen no en twa jier begûn wurdt mei de oanlis fan in nije rûnwei oan de súdkant fan de Gordyk. De nije provinsjale dyk sil soargje foar minder ferkearsdrokte yn it doarp en dat ferbettert de leefberens.

No ride der alle dagen sa'n 8000 auto's, bussen en frachtauto's troch it doarp hinne. De kommende jierren wurdt der oan de eastkant fan de Gordyk ek in nij fytspaad oanlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)