Rûnwei Bûtenpost komt tichterby

03 mrt 2006 - 10:18

De oanlis fan de eastlike rûnwei om Bûtenpost hinne is wer in stap tichterby. Nei oanlieding fan de ynsprekreaksjes binne de plannen op ferskate punten feroare. Sa wurdt der in paralleldyk oanlein by it noardlik part fan de rûnwei. Dêrmei wurdt foarkaam dat der ekstra lânbou-ferkear troch it sintrum fan Bûtenpost rydt.

De eastlike rûnwei om Bûtenpost hinne soarget derfoar dat it trochgeande ferkear om Bûtenpost hinne laad wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)