Rûntsje hoareka troch de gemeente Tytsjerksteradiel

28 aug 2015 - 13:38
  • De riedsleden by in kafee yn Aldtsjerk

De riedsleden fan de gemeente Tytsjerksteradiel meitsje freed 'in rûntsje hoareka'. Ek leden fan it kolleezje en oare gasten meitsje in rûnrit troch de gemeente en besykje ferskate hoarekalokaasjes. De delegaasje wol ûnder oare witte of de kroegen lêst ha fan ûnearlike konkurrinsje troch sportkantines en doarpshuzen en hoe't it giet mei it ferbod op alkohol foar jongeren ûnder de 18 jier.

Troch de nije wetjouwing hat de gemeente in soad taken derby krigen en moat der aktyf tafersjoch hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)