Rûnfeart op pream troch Ljouwert

28 apr 2005 - 16:07

Ljouwert begjint mei rûnfearttochten yn preammen troch de stedsgrêften. Nei in pear proeftochten is kommende sneon op Keninginnedei de offisjele start. Opstappe kin by de Achmeatoer en yn de binnenstêd.

It inisjatief komt fan de Stichting Praamvaren út Wergea. De skippers binne eks-ferslaafden dy't fia de Kuno van Dijk-stichting regele binne. By súkses wol de stichting ek rûnfearten nei en yn de Alde Feanen organisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)