Run op wurk fan Yby Potlatch

20 sep 2012 - 20:40

Hûnderten minsken kamen tongersdeitejûn nei De Westhoek foar de aksje fan keunstneres Yby Potlatch. Foar de twadde kear yn fiif jier tiid dielde se al har keunstwurken út. Dêrmei wol se sjen litte dat der mear is yn de wrâld as jild. It soarge al oeren foardat de aksje echt los gean soe foar grutte drokte.

De earsten stiene al om healwei fjouweren foar de doar, wylst de aksje pas om seis oere los gean soe. Mei-inoar dielde Potlatch sa'n 300 keunstwurken út. Dat die se yn 1997 ek al in kear.

Doe soarge it foar in grutte ferkearsgaos, mar dat wie no net sa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)