Run op startbewizen Berenloop

26 apr 2006 - 11:03

Der is grutte belangstelling foar de tsiende edysje fan de Berenloop op Skylge. Foar de heale en hiele marathon dy't op snein 5 novimber hâlden wurdt is nei twa dagen al gjin startbewiis mear te krijen.

Dat betsjut dat it maksimale tal fan 3300 dielnimmers berikt is, in wier rekord. Mear atleten kinne der perfoarst ek net meidwaan, dat kin it eilân, parkoers en de boat net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)