Run op kavels Harkema

10 apr 2001 - 00:00

Foar de njoggen boukavels op 'e Harkema is in protte flecht op 'e koai. Oer de hûndert gadingmakkers wolle wol wenje yn de wyk Fûgelkamp. Neffens wethâlder Van der Wal jout dat oan hoe krap de wentemerk yn Achtkarspelen is.

Dizze wike wurdt lotte om de kavels. Kandidaten moatte in sosjale of ekonomyske bining mei it doarp hawwe. Achtkarspelen wol graach mear boukavels ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)