Run op kaarten ferwachte

19 aug 2000 - 18:37

Fuotbalklup Hearrenfean ferwachtet grutte ynteresse foar de thúswedstriden yn de Champions League. Sneon is de ferkeap dêrfan út ein set.

By it stadion binne gjin kaarten te krijen. De ferkeap rint fia de saneamde Ticket Box en is yn earste ynstânsje allinnich foar hâlders fan in seizoenkaart. As der tongersdei noch kaarten binne, geane dy yn de frije ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)