Run op kaarten bekerwedstriid

09 sep 2009 - 11:20
  • Al soad kaarten ferkocht foar de wedstriid tsjin Feyenoord

Yn oardel oere tiid binne tiisdei 1500 kaarten ferkocht foar de bekerwedstriid tusken Harkemase Boys en Feyenoord. De ferkeap wie foar leden fan de Boys. Se koene fjouwer kaarten keapje. Der binne noch kaarten foar spilers, sponsors en bestjoerders fan de KNVB. De oare kaarten geane tiisdei yn de frije ferkeap.

De foarsitter fan de klup ferwachtet dat Sportpark De Bosk op 23 septimber folslein útferkocht is. Der kinne 5500 taskôgers by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)