Run op hybride auto's

27 des 2013 - 15:47

Yn de ôfrûne moannen is der in run ûntstien op de miljeufreonlike auto's. Fan 1 jannewaris ôf moat der 7% bytelling rekkene wurde, wylst der no gjin bytelling op sit. Dit kin yn guon gefallen tûzenen euro's skele.

Fan 2014 ôf feroarje de belestingregels en dat fernimme se no by de autobedriuwen. Under oare de hybride Mitsubishi Outlander fljocht de doar út. Mar ek de Opel Ampére en de Volvo V60 binne op in protte plakken útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)