Run op hout

03 jan 2014 - 11:19

Der is in 'run' ûntstien op hout by Steatsboskbehear yn Súdeast Fryslân. It giet om hout út relatyf lytse boskjes dat minsken op oanwizings fan Steatsboskbehear sels tsjin in fergoeding der úthelje meie. Der stean 343 minsken op 'e in wachtlist; 80 dêrfan meie no hout helje en nije oanmeldings binne net mear wolkom. Der binne twa minsken ynset om dit allegearre te begelieden. De oanpak pakt goed út foar Steatsboskbehear, want it ynhieren fan in oannimmer om it hout der út te heljen, is djoerder.

Trochdat der safolle fraach nei hout is, wurde der ek mear minsken trappearre dy't yllegaal hout út de bosk helje. Dat bart foaral yn de gruttere bosken. By Bakkefean is der sels ien betrape dy't dêr mei in shovel dwaande wie. Der is no ekstra tafersjoch om soks foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)