Run op HD-ûntfangers

15 jan 2014 - 20:57
  • Omrop

Nei de feroaring fan it satellytsinjaal fan Omrop Fryslân, Omroep Gelderland en RTV Oost is de fraach nei HD-ûntfangers grutter as ferwachte. Dat meldt satellytstjoerder CanalDigital. By ferskate winkels binne de ûntfangers sels útferkocht.

Op 7 jannewaris gong Omrop Fryslân oer op in oare útstjoertechnyk foar de satellyt en kin de omrop allinne noch besjoen wurde mei in HD-ûntfanger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)