Ruiz fuort, dan Beerens helje

15 aug 2010 - 20:50

Hearrenfeanspiler Roy Beerens moat de opfolger wurde fan Bryan Ruiz by FC Twente. Dat meldt de Twentse Courant Tubantia. Ruiz stiet yn de belangstelling fan FC Sevilla. Mocht hy Twente ferlitte, dan wol de nije trainer Michel Preud'homme Beerens nei Enschede helje.

Beerens joech earder oan net fuort te wollen, mar wol iepen te stean foar oare klups. De ynternasjonal hat noch in kontrakt oant 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)