Ruilverkaveling ôfsletten

18 jun 2010 - 21:43

Yn Drylts is freedtemiddei de lânynrjochting Wymbritseradiel offisjeel ôfsletten. Der is yn njoggentjin jier fjirtich miljoen euro stutsen yn it gebiet. It measte jild gong nei maatregels foar de lânbou. Mar der is ek sa'n 245 bunder natoer oanlein.

Troch skaalfergrutting yn de lânbou is der op 'e nij ferlet fan it wer ferkaveljen fan lân en bettere diken foar it swierdere materiaal dat der no oerhinne komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)