Ruil bazen plysje en brânwacht

15 feb 2008 - 20:44

Yn Ljouwert ruilje de baas fan de plysje en dy fan de brânwacht tydlik fan baan. In wike lang nimme de twa elkoars aginda oer, bystien troch de plakferfangend kommandanten. Plysjesjef Jacobs en kommandant Postma fan de brânwacht wolle sa yn 'e kunde komme mei elkoars organisaasje.

De aksje waard betocht doe't de eardere Ljouwerter boargemaster Dales in wike ruilje soe mei syn kollega Leers yn Maastricht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)