Rufteynsammeling stagnearret

04 des 2007 - 12:02

Hieltyd mear gemeenten hâlde op mei ynsammeljen fan ruften op de bernedeiferbliuwen. Ek yn Ljouwert wurde mei yngong fan dizze wike gjin ruften mear apart ophelle en ferwurke.

Offalbedriuw Omrin sammele de ruften yn 24 Fryske gemeenten yn foar recyclebedriuw Knowaste út Arnhem. Dat bedriuw is der koartlyn samar ynienen mei ophâlden. It wurdt Omrin te djoer om it by in oar bedriuw ferwurkje te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)