Rüppellsgier wer thús

28 apr 2009 - 09:47
  • De Rüppellsgier yn de Fûgelhelling
  • De eigner mei syn gier

De Rüppellsgier dy't sneon binnenbrocht is by de Fûgehelling yn Oerterp is wer ophelle troch syn baas. It giet om in falkenier út België. De man hat syn fûgel moandeitejûn sels ophelle.

It bist wie ûntsnapt en waard ôfrûne wykein fûn yn de tún fan de famylje De Jong op de Nijebiltdyk. Dy hawwe de gier nei de fûgelhelling brocht. It bist hie in chip yn syn liif en sadwaande koe de eigner opspoard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)