Rudy Vriend wint yn Trynwâlden

05 sep 2004 - 15:49

Rudy Vriend fan Waarland wûn sneon de tredde Omloop fan 'e Trynwâlden mei start en finish yn Gytsjerk. Vriend siet yn in kopgroep fan alve man en ried yn 'e finale allinnich nei de einstreek. Fries-om-utens Folkert de Haan waard twadde, Maarten Nijland waard tredde.

Bart Bijma fan Hurdegaryp waard fjirde, Jenning Huizenga út Frjentsjer waard fyfde. De Omloop fan 'e Trynwâlden is in koers oer hûndert kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)