Rudy Jansen wer ûnder it mes

11 des 2009 - 13:12

Oanfierder Rudy_Jansen fan SC_Cambuur moat opnij opereard wurde oan it ankel. De ferdigener waard dêr foar it seizoen ek al oan holpen, mar hat noch altyd lêst fan it gewricht. Ek Sandor van der Heide, Randy Rustenberg en Jos van Nieuwstadt komme troch blessueres foar de winterstop net mear yn aksje.

Trainer Stanley Menzo kin sneon tsjin Omniworld ek gjin berop dwaan op Kevin Diaz, dy't in knibbelblessuere hat. De fleugeloanfaller is takom wike tsjin Haarlem mooglik wol wer ynsetber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)