Rudy Jansen mist Eindhoven

30 apr 2009 - 13:44

Oanfierder Rudy Jansen fan SC_Cambuur kin freed net meidwaan yn de wedstriid tsjin Eindhoven. Hy hat lêst fan it ankel. Ek Mark de Vries en Chris de Wagt moatte de wedstriid oan harren foarby gean litte.

Hoe't de Ljouwerters spylje sille woe trainer Stanley Menzo noch net kwyt. By winst op Eindhoven kin Cambuur it tredde plak feilich stelle. Mei noch twa wedstriden te gean ha de Ljouwerters fjouwer punten foarsprong op FC Zwolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)