Rudolf le Poole wint strontrace

27 okt 2005 - 16:05

Skipper Rudolf le Poole út Muiden hat de 32ste edysje fan de strontrace op syn namme skreaun. Hy kaam om ien minút nei tolven nachts as earste oer de finish. Yn totaal hat syn tocht fan Warkum nei Warmond en werom sa'n 58 oeren en 54 minuten duorre. De 'Swan fan Donia' fan André Wiersma kaam in oere letter as twadde yn Warkum oan.

Tongersdei is de lêste dei fan de race en alle skippen moatte foar 18.00 oere binnen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)