Rudi vd Lelie wint Condensrin

04 apr 2009 - 14:58
  • Rudi van der Lelie wûn de Condensrin
  • Gerrit Kramer waard tred (argyffoto)

Rudi van der Lelie fan Jobbegea hat sneontemiddei de Condensrin yn Ljouwert wûn. Van der Lelie rûn de heale maraton yn in tiid fan 1.12,52. Huub Bots fan Wergea waard ferrassend twadde yn 1.13,40. It tredde plak wie foar Gerrit Kramer fan Boalsert.

Yvonne Kassenberg fan Burgum wûn it by de froulju yn in nij persoanlik rekord fan 1.23,50. As twadde kaam Yvonne Tinga fan Boalsert oer de streek yn 1.29,03. Op de ferskate ôfstannen kamen yn totaal 892 rinners yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)