Ruben Schaken nei Veendam

19 maaie 2005 - 22:37

Ruben Schaken fan Cambuur giet nei BV Veendam. Schaken is mei de club út Grinslân in kontrakt oerien kaam foar twa jier.

Schaken is dwaande mei syn tredde seizoen yn 'e haadmacht fan Cambuur. Yn 74 wedstriden skoarde de oanfaller 4 kear. By BV Veendam wurdt Schaken teamgenoat fan ûnder oaren Martin Drent, dy't it ôfrûne seizoen noch by Grins spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)