Rubberen matten yn de brân yn Ljouwert

09 jul 2015 - 10:57

Oan de Tabagostrjitte yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn brân west. Der stienen inkele rubberen matten yn 'e brân. Dy leinen op in galerijtrep tsjin de gevel fan in hûs oan.

De brânwacht hie it fjoer gau út. De gevel hat wat roetskea oprûn. Omwenners tinke dat de brân oanstutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)