Rubberboat fêst op Waadsee

25 mrt 2012 - 08:27
  • Rêdingsboat KNRM

De rêdingsboat fan Harns hat sneontejûn trije minsken yn in rubberboat rêden fan it Waad. Se hiene doe al seis oeren fêst sitten yn de buert fan Koarnwertersân. De trije wiene moarns út Den Oever wei gongen, mar om twa oere al fêstrekke.

Se hopen by heech wetter sels los te kommen, mar dat slagge net. Der is mei trije rêdingsboaten nei de minsken socht. Dy waarden in bytsje nei achten fûn. Ien fan de opfarrenden wie in bern fan 10 jier.

Ek de boaten fan Oudeschild en Den Oever diene mei oan de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)