Rubberasfalt yn Gerkeskleaster

30 sep 2014 - 12:34
  • De oanlis fan it rubberasfalt

Bewennners oan de grutte dyk troch Gerkeskleaster-Strobos hawwe ynkoarten minder lêst fan delridende auto's en frachtweinen. De dyk kriget tiisdei nij asfalt dêr't rubber yn sit. Yn sok asfalt wurde ûnder oare âlde autobannen ferwurke en dat soarget foar minder leven op en njonken de dyk. It is foar it earst dat yn Noard-Nederlân in dyk mei saneamd 'Rubberpave' asfaltearre wurdt.

It rubberasfalt wurdt yn Fryslân makke. Foar oannimmersbedriuw Jansma fan Drachten is de oanlis fan sa'n 500 meter rubberasfalt yn it twillingdoarp in proef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)