RTV NOF ferhuzet

07 apr 2011 - 23:56

De lokale omrop foar Noardeast Fryslân ferhuzet nei De Westereen. De omrop, dy't aktyf is yn de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân, sit no noch yn de eardere kristlike mavo yn Dokkum. Yn dat gebou sitte ek oare organisaasjes, wêrtroch de útstrieling minder prominint is as de lokale omrop wol.

De ferhuzing wurdt mooglik makke troch de finansjele stip fan it lokale bedriuwslibben. Yn juny moat ien en oar syn beslach krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)