RTL-programma 'Mijn Stad' oer Ljouwert

07 des 2014 - 11:21
  • Ljouwert yn RTL-programma Mijn Stad

Yn in nij televyzjeprogramma fan RTL 4 spilet Ljouwert snein de haadrol. It programma 'Mijn Stad' lit alle kearen in oare Nederlânske stêd sjen. Presintator Daan Nieber lit him rûnliede troch twa generaasjes fan saneamde 'locals'. Foar Ljouwert binne dat Ad Fahner en Marilyn de Beurs. Yn dizze ôflevering bringe se in besite oan it festival Welcome to The Village en it Natuurmuseum Fryslân. Ek it Fries Museum komt oan bar.

De útstjoering begjint om 15.20 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)