RTL: Nij Smellinghe liket jild fan De Sionsberg te ferliezen

26 nov 2014 - 20:32
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten sjocht mooglik neat werom fan de 16 miljoen euro dy't it Drachtster sikehûs yn De Sionsberg yn Dokkum stutsen hat. Dat seit RTL Nieuws, nei in petear mei wurdfierder Dick van Driel fan Nij Smellinghe. Dy befestiget dat der 16 miljoen liend is oan De Sionsberg. Omdat Nij Smellinghe by in fallisemint in gewoane skuldeasker wurdt, is de kâns lyts dat it jild noch werom komt.

Neffens RTL is it opmerklik dat Nij Smellinghe tajout dat it jild stutsen hat yn De Sionsberg. Earder waard altyd sein dat dat sikehûs syn eigen broek ophâlde moast. It bedrach is hast like heech as de winst fan Nij Smellinghe yn 2011 en 2012 byelkoar opteld.

RTL Nieuws: Faillissement ziekenhuis Dokkum veroorzaakt miljoenenstrop in Drachten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)