RTL-keet stellen troch Geitefok

07 des 2005 - 15:49

De keet fan it RTL-4 programma "In Holland staat een Huis" is werom. De âldjiersferiening de Geitefok fan Aldeberkeap hie de keet as âldjiersstunt stellen fan it terrein fan Endemol yn Aalsmeer. Programma- makker Martijn Krabbé die in oprop yn RTL Boulevard om de keet werom te jaan.

Endemol seit begrip te hawwen foar de stunt en sil fierder gjin oanjefte dwaan. De keet giet woansdei werom nei Aalsmeer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)