RTL: "Belangeferfrisseling by Alliade grutter as tocht"

12 apr 2016 - 20:21
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

De belangeferfrisseling by soarchorganisaasje Alliade op It Hearrenfean is grutter as earder tocht waard. Dat meldt RTL Nieuws. Ut dokuminten dy't RTL yn hannen hat, docht bliken dat ek in freondinne fan ien fan de direkteuren belutsen is by de belangeferfrisseling.

Sy hie in managementfunksje by Alliade, mar wie ek direkteur by ien fan de soarchbedriuwen dy't Alliade ynhierde. Dat bedriuw wie ek yn hannen fan de direkteur fan Alliade.

De soarchorganisaasje ûntkende oant no ta dat ek de freondinne fan ien fan de direkteuren belutsen wie, mar seit no dat de ynformaasje foar harren ek nij is. Alliade seit dit no mei te nimmen yn it eksterne ûndersyk dat se earder al tasein hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)