Rôze Weeningauto nei Italië

13 maaie 2011 - 16:35
  • Foto: Rudie Ottens

De rôze Pieter Weeningauto giet tongersdei nei de Giro yn Italië. De rôze kleur is in weddenskip tusken Pieter en syn trainingsmaat Frank Wierstra fan Burgum. As Weening in etappe wûn, soe Wierstra syn auto Girorôze oerspuitsje.

Undernimmers dy't mâl binne fan it hurdfytsen, wolle no dat de Burgumer mei de rôze auto nei Italië giet. Mei de fanklup fan Weening sette famyljeleden fan Pieter tongersdei nei de Giro ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)