Rôze Pompeblêd foar Arno Brok

28 maaie 2004 - 00:00

Boargemaster Brok fan Snits hat freed it Rôze Pompeblêd krigen. De ûnderskieding foar immen dy't him sterk makket foar de emansipaasje fan homo's en lesbiënnes waard foar de tredde kear útrikt. De útrikking wie it begjin fan de Rôze Wike mei ferskate aktiviteiten foar homoseksuelen. De organisaasje fynt it spitich dat sa'n spesjale wike noch nedich is yn 2004.

Brok krige it Rôze Pompeblêd út hannen fan boargemaster Dales fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)