Rôze lintsje foar sikehûs

30 okt 2012 - 10:44
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Nij Smellinghe yn Drachten hat fan Boarstkankerferiening Nederlând it 'rôze lintsje' krigen. Dat is in erkenning foar de soarch dy't it sikehûs jout oan pasjinten mei boarstkanker. It sikehûs foldocht oan de fiif belangrykste betingsten fan de monitor boarskankersoarch. Ek oan sân fan de tsien oare kritearia wurdt foldien. De Boarstkankerferiening wol mei de kritearia de boarstkankersoarch hieltyd wer ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)