Rottum liedt needklok

27 okt 2010 - 15:14

Ynwenners fan doarpen yn Skarsterlân dy't ticht by Hearrenfean lizze, wolle perfoarst net oer nei Hearrenfean. Se ha noed dat it nei de kommende weryndieling wol gebeurt. Doarpsbelang Rottum liedt de needklok. Se binne benaud dat de doarpen as wikseljild oan Hearrenfean taskikt wurde.

De gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân wolle fusearje. De gemeente Hearrenfean moat by dy plannen belutsen wurde, want ek dy gemeente moat him fersterkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)