Rottum krijt nije wyk

14 jun 2010 - 23:42
  • De presintaasje yn it doarpshûs fan Rottum

Ynwenners fan Rottum reagearje ferdield op it plan foar de bou fan 19 keaphûzen by har doarp. De hûzen komme te stean yn de nije wyk Nij Sân Rotten en wurde boud fan duorsume materialen. Yn de wyk komt ek in wensoarchkompleks fan de stifting Humanitas.

It plan waard moandei presintearre oan it doarp. Neffens wethâlder Benedictus fan Skarsterlân is der belangstelling foar de hûzen. Hy tinkt dat ek ynwenners fan it Hearrenfean de oerstap nei Rottum meitsje wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)