Rottige Meente nasjonaal park

14 aug 2014 - 12:12
  • In stripe yn natuergebiet Rottige Meenthe

De Rottige Meente wurdt in nasjonaal park. De provinsje Oerisel is akkoart mei de oansluting fan natoergebiet de Rottige Meente op it nasjonaal park Weerribben-Wieden. De oansluting is al jierrenlang in winsk fan de gemeente Weststellingwerf, de provinsje Fryslân en Steatsboskbehear. Mei de ienwurding wurdt dit nasjonaal park it grutste leechfeanmoeras fan Europa. En dat betsjut bettere kânsen foar flora en fauna.

De belutsen gemeenten, Weststellingwerf en Steenwijkerland, moatte no in offisjeel beslút nimme oer de oansluting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)