Rotterdamske alluere yn Ljouwert

31 mrt 2006 - 15:32

Fêstguod-makelder Jan Boomsma wol hege wentuorren mei apparteminten bouwe op it terrein fan de eardere stâlynrjochtingsbedriuwen De Boer en Brouwers yn Ljouwert. Boomsma hat it terrein oan de westkant fan Ljouwert kocht foar twa miljoen euro. Hy wol it gebiet ûntwikkelje sa't dat yn Rotterdam dien is mei de 'Kop van Zuid'. Dat âlde yndustrieterrein is in gebiet wurden mei in grut tal wentuorren mei lúkse apparteminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)