Rottefalster rydt mei opsetsin doarwarder oan

20 jan 2015 - 11:10

In man út De Rottefalle (30) is moandei tegearre mei in man (42) sûnder fêst wenplak oppakt neidat se in doarwarder bedrigen. Dat barde op de Suderwei yn 'e Grinzer Pein. De manlju soene mei opsetsin mei in golfkarke tsjin de auto fan de doarwarder riden wêze. Ek drigen se in hûn op de doarwarder los te litten.

De manlju binne meinaam nei it buro en sitte noch fêst yn ôfwachting fan it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)