Rotondes meie yn Heliconwei

20 nov 2009 - 06:31

De gemeente Ljouwert mei fan de rjochter trochgean mei it fernijen fan de Heliconwei. Miljeudefinsje hie beswier oantekene tsjin de oanlis fan in tal turborotondes yn de dyk. Dy soene gefaarlik wêze foar fytsers. Mar neffens de rjochter is by it meitsjen fan 'e plannen genôch rekken hâlden mei fytsers.

De gemeente pakt de Heliconwei oan om de trochstreaming fan it ferkear yn Ljouwert te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)