'Rotonde 't Fean moat bliuwe'

09 feb 2005 - 11:06

De ferfanging fan de rotonde by de McDonald's yn Hearrenfean troch stopljochten bliuwt punt fan diskusje. Op it gemeentehûs fan Hearrenfean wie tiisdei in ynsprekjûn. De gemeente wol de rotonde by de A32 ferfange troch stopljochten foar in bettere trochstream. De ynsprekkers wiene it dêr net allegear mei iens.

Der kamen 40 man nei de gearkomste. Dat wiene meast omwenners of wurknimmers fan de kantoaren oan 'e KR Poststrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)