'Rotonde nedich by Eanjum'

04 feb 2010 - 09:28
  • Dizze wike wie der wer in ûngelok op 'e krusing

De fraksje fan Algemien Belang Dongeradiel wol in rotonde op de Lauwersseewei by Eanjum. De lêste tiid wiene dêr in soad ûngelokken. Dizze wike wie it wer safier.

De partij die it foarstel fan de rotonde woansdei by de behanneling fan it gemeentlik ferkears- en ferfiersplan. Wethâlder Willemsma liet witte dat de provinsje ferantwurdlik is foar de Lauwersseewei. Se kin it wol as oandachtspunt oanjaan by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)