Rotonde Harns earder klear

30 sep 2003 - 00:00

It wurk oan de rotonde nei bedriuweterrein Oostpoort yn Harns is earder klear as tocht. It wurk dat heal augustus begûn, hie grutte gefolgen foar it ferkear. Ut súdlike rjochtingen waard it ferkear omlaat fia Frjentsjer.

It wurk leit in wike foar op skema. It ferkear kin fan 6 oktober ôf wer oer de rotonde. Dat jildt noch net foar alle rjochtingen. Ferkear dat út Harns wei oer de âlde rykswei nei Frjentsjer wol, moat noch omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)