Rotonde De Jouwer wurdt oanpakt

07 jul 2006 - 10:51

Autoferkear dat oer De Jouwer rydt, moat yn de nacht fan tongersdei op freed rekken hâlde mei opûnthâld. Der binne wurksumheden. De trottoirbannen op de rotonde wurde fuorthelle om't der te faak auto's tsjinoan ride. Dy komme te hurd de rotonde op.

Ek de ferheging oan de bûtenkant fan de bypasses sille better sichtber makke wurde. Fan 21.00 oere oant 6.00 oere wurdt it ferkear omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)