"Rotonde de Jouwer ferbetterje"

29 nov 2005 - 07:56

De rotonde fan de Jouwer moat op de list fan minister Peijs fan ferkear as ferbetterpunt foar 2020. Dat hat in mearderheid fan de Twadde Keamer moandei sein yn in debat mei de minister.

VVD en PvdA sjogge ferbettering fan de oansluting fan de A6 op de A7 as in alternatyf foar de rappe spoarline fan de rânestêd nei it noarden. Wat it ferbetterjen fan de rotonde kostje moat is noch net bekind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)